Ik wit wat ik misse moat
Want ik hie dy yn myn earms
Ús tiid tegearre,
wie fiersten te koart...
Sûnder dy fierder
myn hiele libben lang
As ik tink oan de takomst
bin ik sa bang.
Do bist no inkeld in oantinken
In waarm fjoer yn myn hert
It fielt noch sa echt en tichteby
Dyn waarme lyfke, leaf lyts ding
Berntsje fan my...
Ferjitte sil ik dy nea
Do libbest fierder yn myn siel
Do sitst yn myn hert
Do bist myn alles en noch mear
Ferjitte sil ik dy net
Yn it lân efter de bergen fan letter
Sil ik dy laitsjen hearre
Yn dat lân is it libben moaier en better
En binne wy ea tegearre
En mei dyn hantsje yn myn hân
lit ik dy gean
Nei it iewiche sinnelân.
Kommentare