Ik wol it net witte
mar ik wit it wol
Ik werhelje it kear op kear
Myn leave heit
Sa’n sterke man
Do bist hjir straks net mear
Mar al hoe foarsichtich
ik it ek sis
It docht net minder sear…
It snijdt, it baant, it skuort
Djip fertriet giet nea wer fuort
Ik wol der leafst noch neat fan witte
Ik kin en wol dy noch net loslitte
Yn dyn eagen sykje ik hoop
Sis alsjeblieft ‘It komt wol goed’
In tút op myn foarholle
dyn hannen om myn skouders
Do bist noch by ús
Hjoed…
Do treast my
Mar ik gûl om dy
Noch even hjir
Noch even sa
Ik set de wizers stil
Foar altyd wol ik
Foar altyd sa
Mar de tiid
Stiet net stil
Nei elke nacht
in nije dei
Foar altyd; it jild net foar ús ierdske libben
Dochs bin ik grutsk te sizzen
Ik bliuw Foar Altyd
in dochter fan dy
Yn myn tinzen leave heit,
giest altyd mei my mei
Wer’t dyn libben stoppet
giet dyn leafde troch yn my.
Comentarios