Elke dei
Fertriet
Elke dei
Pine
Net mear leauwe
As hy seit
..'wy sille der wat op fine..
Gjin hope as ferwachting mear..
Dat is iets
út it ferline
Swiere holle
Swiere tinzen
Elke dei
In dei tefolle
Ik wol springe
Koe ik mar springe
Mar ik kin mar lytse stikjes rinne
Ik wol laitsje
wille meitsje
en fan myn liif hâlde
Mar it laket my út
en freget om pillen
It wol net foarút
Dit liif is net fan my
In lichem fol pine
ik haat dy..
Fuotten die wegerje
mar de holle wol sa graach
Ik kin it wol út raze
mar net ien beantwurdt myn fraach
Werom ik?
In sterke frou
Yn wurden en tinken
In echte 'flinke’
Mar langsum brutsen
Men triuwt en men skuort
Oan alle kanten wurdt lutsen
Mar de pine giet net fuort
...de pine giet nea fuort …
En stadich wurdt dizze pine
fertriet yn har hiele wêzen
It falt net ta om de sinne te finen
As it ljocht net mear skine wol
yn tinken en tinzen
Al hoe begien ek alle minsken
Dizze pine hat syn grinzen…
Comments