Ik kin dy net misse
Ik lit dy net gean
Ik bliuw ticht by dy
Mar ik kin net mear
op myn fuotten stean
De grûn is ûnder my wei slein
Ik kom nea wer oerein
Ik aai dy
En krûp dy
Do fielst noch sa fan my
Mar do bist hjir net
Hjir by ús net mear
Myn hert brekt
It docht ferskriklik sear
Mei dy prate
kin net mear
Mei dy gûle
Mei dy laitsje
Dy fêsthâlde
Dy oanreitsje
Mei dy krûpe
Dy tútsje
Ik skeld
en ik brek
alwer en alwer
Ik stik, yn wurden dy't ik net ha
Nimmen ha't my ferteld
dat ik sels ek mei dy stjer
Ik skop
En ik gûl
En hâld nea wer op
Trien foar trien
gûl ik om myn gesin
Want foar letter
is it foar altiid te let
Do wurdest net better
it mocht net
Yn túzen stikjes
Skerpe skerven
Splinters fan fertriet
Nea wer te lymjen
Myn hert wat brutsen is
Nimt foar altiid ôfskied
Ik kin dy net misse
Noch safolle leafde ha ik foar dy
ûneinich fier...
Ik mocht fan dy hâlde
mar tsien jier....
Comments