As de see fan trienen my fersûpt
As it wetter my oan de lippen ta stiet
As it gefoel fan ûnmacht my bekrûpt
As loslitte net mear giet
Mar fêsthâlde is dreech
En docht sear
Ik reitsje de júste snaar net mear….
Kontrole wie ea, mar no net mear
Al besykje ik it kear op kear.
As it wetter my oan de lippen ta stiet
En ûnmacht my de kiel tichtknypt
As ik razend my in útwei skeld
En neat der ta docht, dochs alles telt
As myn lichem my allang fertelt,
sa kin it net …
sa mei ik net
sa meie wy nea
Wurden dogge freselijk sear
En nimmen
dy’t wit
hoe djip it sit
Nimmen
dy’t sjocht
wat it echt mei my docht
De leechte dy’t ik fiel
Snijd as skerven yn myn siel
En al wat west hat
De trienen dy’t it brocht hat
Hoe swier de lêst
En wy hâlden fêst
Wurden binne sein
Troch tiid nea ferflein
De hoop altiid op better
Mar no binne we al by letter
En mar wer troch gean
Mar wa bliuwt stean?
Wat bliuwt der fan ús oerein?
De skerven bliuwe oer,
En wy lymje eltse dei…
Nee, sa woenen we net…
Sa woenen we nea
Mar êfterôf
is it te let
En is der al tefolle skea…..
Comments