Ik bin yn striid mei myn lot
Mar it lot kin my wat
Ik fjochstje myn eigen gefjocht
Ik bin in strider yn myn eigen striid
Foar chemo bin ik net bang
Al is de wei swier en lang
Ik fermoardzje myn donkerste dagen
Ik raas ‘IK WIT IT NET! nei myn djipste fragen
Ik gûl, ik spui
Ferdrink en sink
Ik krûp fan ellinde
En krûp myn bern
Ik dûk yn de foto’s
Dwerstroch en ferlern
Ik sliep en ik skop
Ik moat troch sûnder stop
Sûnder stop
Stop
En dan hâld it op ...
Ik bliuw yn striid mei myn lot
Mar it lot kin my wat?
It kin my brekke
It kin my slope
Gjin takomst
Gjin hope
Sûnder sinne
Hat it gjin sin
En ik fjochstje myn eigen striid
Ja it is swier
Ja ik bin bang
Want de wei is sa lang…
It is wat my yn ‘e macht hat,
de eangst dat ik belies jaan moat
Ik lis ûnder it mes
It is der op as der ûnder
Ik tink oan myn takomst
In teken
In wûnder
Ik ferlies in part fan my
Myn froulikheid foarby
Mar in strider jout net op
In mem dy’t der by wêze wol
Har bern oerlibje wol
It is de wrâld op 'e kop
Ik lis ûnder it mes
Myn gedachten falle stil
Se doarre my net te sizzen
Wa’t winne sil
...