top of page

Skea


Foto: tjitsfotografie.nl

Nee neat

Docht sa sear

As dyn bern

Net mear lekker yn de groep leit

As pispaal alles oer him hinne krijt

Fan alles de skuld

Fan laitsje nei útlaitsje

Dikke bult


As dyn jongen

In kut dei hat

Net mear nei skoalle wol

In gesicht sa grau

In sin sa swart

As hy boas wer thús komt

En it leafst ferhúzje wol

As hy gûlt en ‘alles is stom’

en alle pesterijen opsomt

‘Ik gean nea wer werom…’


Myn jongen net mear sa stoer

mar lyts en stil

Fan in praatsje en laits sa waarm,

nei in blik sa ûnseker en kil

Wêr’t ik earst faak in ljochtsje fûn

hat hy no syn iepen blik ferruille

foar in pear eagen nei de grûn.


En dan gûlt myn hert

en docht myn liif sear

In stikje wat fan binnen stjert

Sa kin ik dy net mear

Nee nea

Wie ik sa rekke as mem

Sa sûnder wurden

Om’t ik net útlizze kin

Werom bern soks dogge

Sa wurdst gjin ‘hurden’

Mar ûngelokkich


Do trapest oeral tsjinoan

Sa opstannich, sa boas

Dit gjit boppe dyn ferstân

It sit op gefoel

Wer in dei sûnder doel

Sûnder wille

Sûnder steun fan in freon


Ik mis dyn iepenheid

Dyn ljochtsje

It is in striid

Ûnearlik

Om te fjochtsjen

Tsjin dyn freonen út in oare tiid

Commentaires


bottom of page