Foar al watst bist
Foaral wa’st bist
Foar al watst litst
Foar dyn trienen
En dyn fragen
Foar de swiere
En drege dagen
Foar dyn tinken
En dyn tinzen
Foar dyn pine
En oer de grinzen
Foar dyn ‘werom ik?’
En safolle kear:
Al dyn trochsetten
en ik kin net mear
Foar dyn eangst
Foar dyn stress
Foar dyn langst
Nei better, best…
Foar de ûnsekerheid
Foar de takomst
Foar wat foar dy leit
En wer’st tsjin op sjochst
Foar al wa’st bist
Foar al watst litst
Foar al watst kinst
In blom seit somtiden mear
As tûzen wurden
Wurden dy reitsje
As tûzen swurden
Wurden dy begripe
As dy by de kiel gripe
En soms seit in blomke
Wat ik net doar te sizzen
Wat ik tusken myn wurden lit lizze
Wat ik net wol sizze…
As ik wurden net wol brekke
Lit ik de blommen foar my sprekke
Comments