Alles sa wier
Mar neat is echt
In wrâld
Dy’t oan ferbielding hecht
Wêr’t ik in oar bin
Wêr’t ik mysels bin
en dochs net echt
Wêr’t ik wêze mei
mar neat helje kin
Wêr wy allegear komme
Mar nimmen bliuwe kin
Sûnder grinzen
Fertroebele tinzen
Berne dreamen
En dreamen wurde berne
Wêr’t hope
Oergiet yn fantasy
Wer in moaie dream der by ...
Mar flechtich, sûnder ynhâld
En neat wat yn de wekkere wrâld telt
Neat wat ik fêst hâld
Neat wa my yn it echt fertelt
Neat mear
As in flústering yn myn ear
Ferfleine wurden
Sêft as sear
Se binne der nei in nacht net mear
Mar no as letter
Alles dream ik better
Myn spegel fan de nacht
Bringt nea wat ik ferwacht
Lit ús dreame
Yn it lân
Dêr’t ideeën streame
Ferwettere, as in skerpe blik
In ynsjoch yn dyn ik
In winsk as dream
as in dream wurdt in winsk
Lit ús foar altiid dreamen bliuwe
As dreamer
mar ek as wekkere minsk.
Comments