Fan ferwachtsje nei ferwûnderje
Net tinke te witten, mar bewûnderje
Ûnbefongen de eagen iepen
Nijsgjirrigens wat lei te sliepen.
Wannear bist die iepen blik ferlern?
Wannear koedest de ferrasing net mear hearre?
It moaiste watst krigest as bern
Moast earne op wei nei folwoeksenheid stjerre
Ferfangen troch safolle dagen
Mei al likefolle drêge fragen
It ritme fan grutte minske saken
leart ús om yn ‘e pas
wy telle ús soargen
en ferjitte
‘… mar de lêste jas?’…..
It deistiche libben fan dei yn en út
makket ús blyn
Wy stare troch it selde rút
mar sette him net iepen, foar frisse wyn….
Ús iepen blik, bliuwt ferburgen
Ferstoppe yn aginda’s
Gjin rûmte, gjin tiid foar wier ferlangen
Mar yn it bekinde feilich en burgen
Yn dyn eigen bekrompenheid gefangen.
Oant in nije moarn
In nije dei!
Datst einliks ferwûnderje meist
Dan ferfalt dyn yllúzje datst it allegear wol witst.
Dan witst datst yn de ‘Beginners mind’ sitst.
Ja sjoch do hast tefolle tiid ferlern!
Sjoch, as bist wer bern
Stap yn de draaimûne
Sjoch yn ‘e rûnte
En glimkje om kleuren
Fiel de foarmen
Lyts gelok
Hear de musyk
Field dy ryk
Dûnsje op ‘e top
Belibje elts momint
Ja sjoch do hast tefolle tiid ferlern
Sjoch, as bist wer bern
Hoe is it? Hoe fielt it? Hoe soe it wêze?
Lit gean watst hast
En sûnder filter as flits:
lis fêst en wês ferrast
Belibje tankber it libben en syn kreaasjes
Mei in beginners mind, sjochst alles foar de earste kear.
In ferskaat oan mooglikheden en fariaasje
Ferjit watst tinkst datst witst
dan sjochst safolle mear.
Comments