top of page

Hannen



Myn hannen fiele krekt wat drûger

de fingers krekt wat stroever

Sûnder kleurke, binne de neils net sa moai

En strek ik myn fingers, sjoch ik dochs in ekstra ploai

Extra …


Boanus lyntsjes

streepkes, fan dy fyntsjes

It fel net mear sa strak

‘Beppehannen’ út it bad

neamden wy it lang lyn

As hie it elastyk der gjin sin mear yn


Strak ...

Pffff


Mar wat seit no in rimpel?

In dûkje, in tear?

Myn hannen ferriede mei flagge en wimpel

elk jier in jierke mear

By sa’n moaie leeftyd

stean ik even stil mei myn leave mannen


Ik haw goud yn jierren yn hannen!


40

Комментарии


bottom of page