top of page

Krystleafde


Eigen foto

Wat dy hjir bringt

Wat ús hjir brocht

Is de leafde

Dy’t ik socht


Yn de krystgedachte

It krystgefoel

Tegearre belibje

Mei-inoar as doel


Tegearre fiere

Tegearre wêze

Tegearre diele


Sjonge, lústerje

It ferhaal wer lêze

It ferhaal wer fiele



It krystferhaal

Sa âld

En sa fan no

Fan leafde

En ljocht

Wat in grut kado


Diel it ferhaal fan waarmte

Al binne tiden dreech

Sjoch om nei elkoar

En hâld de leafde heech


De boadskip foar dy en my

Freget moed

Tink om elkoar

Elke dei

En net allinnich hjoed ...

bottom of page