Wannear der gjin mem is op memmedei
En it fielt as in swiere snein
Wannear ik sels as mem kadootsjes krij
Mar de sinne, fielt as rein
Ik tink oan dy
Ik tink werom
Nea komt myn memmedei werom
Myn hert wurdt lyts, fertriet wurdt grut
Werom fielt de wrâld soms toch sa hurd
Werom myn leave alderleafste mem
Ik woe sa graach dy nochris sjen
Ik woe sa graach mei dy
Noch in memmedei
Mei leafde tink ik oan wat west hat
En gûl om dat wat nea komme sil
De oantinkens fan alle jieren sûnder mem
Makket my even stil
Memmedei
In feestje
Foar myn leave bern
Memmedei
In drêge dei
Om’t ik myn mem ferlern
Comments