Hoe grut is de eangst
Ast soldaten sjitten hearst
Ast bommen fallen hearst
Yn de fierte, as tichby…
As tûzen eangsten stjerst
Hoe grut is de eangst yn dy?
As frede net hear heilich is
As dyn hûs net mear feilich is
As dyn hûs net mar feilich is…
Hoe grut is it fertriet
As de oarloch foar dyn doar stiet
En dyn koffer folle moast
Nergens mear tiid foar hast
Kin ik de doar iepen litte?
Kom ik gauw werom?
Moat ik myn hús ferlitte?
Myn doarp, myn stêd ferjitte?
Giet alles op slot?
Wannear is de oarloch om?
Hoe grut is ús fertriet
As we flechte fan wat altiid goed en feilich wie…
Wêr’t wy en ús tegearre wienen..
Wêr’t it altiid goed en feilich wie…
Hoe grut is de twifel
As ik yn syn eagen sjoch…
Ast do net mei ús mei meist
Ast do by de grins werom reist
Ast fjochtsje moast
Foar ús lân
Ik hear dyn wurden, ik fiel dyn hân
Mar dy loslitte giet boppe myn ferstân
Hoe grut is myn twifel
Ik wol skûlje by dy.
Mar wy moatte fourt, sa fier by dy wei
De twifel wurdt tefolle
Wy sykje feilichheid
Mar we misse heit.
By dy is wêr’t ik wêze wol
En wylst myn bern om dy roppe
En myn hert brekt yn de striid
Lit ik dyn hân los
En wint ferstân fan eangst, fertriet en twifel
Krekt..
Op tiid…
Hoe grut is myn pine
As ik mei myn berntsjes rin
Mar net wit werhinne
En it eins net allinich kin
As ik fragen moat beantwurdzje
En ik yn hun eagen sjoch
Eangst, fertriet en twifel
De ûnsekerheid brekt ús op…
Ik wit net watst do sjochst
Ik wit net watst do dochst
Ik wit net wêr’st do bist
Ik wit net wêr’st do bist…
Hoe grut is myn pine
En hoe grut die fan dy…
Meist my net allinnich litte
Myn hert yn oarlochstiid
Kloppet foar dy
Wannear binne wy wer tegearre?
Wannear bist wer by my?
Komst wol wer by my?
コメント