
Lit my bleat wêze
Inkeld in siel
Lit my sjen wat myn eagen net sjogge
Lit my fiele wat ik net fiel
In lichem as omklaaisel
Mar in persoanlikheid dy't telt
Der is sa faak oer skreaun
It is sa faak fertelt
Mar do moast it erfarre
Doarre en fiele
Want letter yn de himel
Binne allinnich de sielen.
Lit my goed dwaan
Lit my leafde wêze
Lit my mysels jaan
en tevreden wêze
Sykje net
Nei mear as better
Alles is der al
It komt net letter
Wat in sterke gedachte
Wêr silst op wachtsje?
Til net te swier oan it ferline
Mar lit it in oantinken wêze
Ha gjin eangst foar de takomst
Net ien kin him dy foarlêze
Wês net bang foar it ûnbekend
Do witst net hoe't it libben rint
Ik tink oan no
en wol goed dwaan
Lústerje nei myn hert
en hannelje nei myn gefoel
Dus ik sil myn leafde oan in oar jaan
mei echt wêzen as doel
Eltste dei
juster hjoed en moarn
Lit Leafde frij
Lit my in flinter wêze
Lit my bleat wêze
Lit my fleane
Yn wat ik bin en wat ik fiel
Hjir op ierde
Inkeld in siel
Comentários