Ast net mear wolst
en de loft is swart
Ast gjin kleur mear sjochst
en it gjin sin mear hat
En mei swier gemoed
it libben stopt by hjoed
Hoe fol
is dan de holle
As it ferstân it net mear begripe kin
en de leafde dy net oertsjûgje kin
As dyn hert fielt as in swier gemis
en dyn gefoel it paad nei lok kwyt is
Hoe fol...
En hoe leech fielt dan dyn siel
In brutsen frou
wurdt nea wer hiel
Mei tinzen sa swier
Gjin trienen mear oer
Dochs sa fol fan fertriet
No útert ûnmacht
sich yn in striid
dyst allang opjûn hiest
Kinst net mear winne
watst al ferlern hast
Nea wer sinne...
Foar altyd nacht
En de ienichste útwei dyst sjochst
is wat dyn leafsten it searste docht
Dyn leafde én antwurden naamst mei
Do stapst út dyn, mar ek ús libben wei.
Comments