Hy kin net mei yn it gewoane plaatsje
Yn it ‘normale’ frame
Hy dûnset bûten de tekening
Hy hat skijt oan it Frysk
en praat Nederlânsk
Mar it binne noch net genôch wurden
en it heart soms Frânsk
Hy sjocht en wachtet
Dan sjocht en wachtet hy noch wat mear
En as de kat al lang út de beam is,
dan komt hy noch in kear
Hy moat dy fertrouwe
Do moast him begripe wolle
en lústerje nei wat der omgiet yn syn holle
Mar moast wol écht by him wêze
oars fielt er datst de tiid net nimst
En sûnder te begripen oan syn ferhaal foarby rinst.
Hy begrypt sels lang noch net alles
wat hy mei fiif jier witte moat
Mar al it goeie komt langsum
Sa is dat
De fergeliking wurdt makke troch minsken
dy’t mjitte neffens in ‘gemiddeld lijntsje’
Mar wa hat dat ea betocht?
Wa’t sjocht nei oare talinten en winsken
Dy sjogge it wiere ljocht.
Syn grinzen lizze oars, dan sa’n strakke lijn
Hy is nijsgjirrich en hat júst in soad fantasy
En boartet yn de wrâld
wer’t alles kin en mei
Die fan Lego en de Dinosaurus,
en hearlik bûten boartsje.
Al hekket it learen wolris,
hy komt der wol!
Net heech yn de bol
mar op syn eigen wize
Kin hy sels wol kieze
Lit him kleurje en drave
En nei skatten grave
Rekkenje en lêze
Is foar letter
Lit him yn eigen tempo
lokkich wêze
De moaiste minsken binne,
dy’t bûten de lijntsjes kleurje kinne.
Comentarios