top of page

Soarchen

  • avriesinga
  • 23 jun 2021
  • 1 minuten om te lezen

Bijgewerkt op: 18 feb 2022



Soarchen nimst mei

Se brekke dyn dei

Yn tûzen stikje út ien

Op elk skerf in trien


Soarchen jouwe pine

Kin dyn djipste eangsten fine

Dyn hart docht sear

Do witst it even net mear...



Mar soarchen litte ek fiele

Datst fertriet ek moast diele

Dus die skerven fan de dei

Bring se even by my


En as we se net mear lymje kinne

As it net mear past sa as foarhinne

Betink, do stietst hjiryn net allinnich


As de dei fielt as nacht

En it tsjuster de oerhân hat

Meitsje wy tegearre in nij mozaïek

Fan de skerven fan fertriet


En as dan de sinne komt

En de dei as befrijding fielt

Jouwe we it mozaïek in weardich plakje

As fertriet út ferline tiid.

Recente blogposts

Alles weergeven

Comments


bottom of page