Soms is it wetter krekt te heech
Ek as ik op myn teannen stean
Soms is it allegear krekt wat te dreech
En is de druppel myn eigen trien
Tefolle beamen mar ik sjoch gjin bosk
Ik moat kieze welke ik rooie sil
As ik rin der troch hinnne
En akseptearje de beamen sa’t se binne...
Om dêr te kommen sykje ik it oersicht
Want sûnder oersicht gjin útsicht
Dit ynsicht wie der al lang..
Mar makket wier net bang
Want ik hâld fan beamen
En trienen fyn ik net slim
Salang ik mar net
Op myn teanen rin
Dus oersicht yn myn holle
En rûmte yn myn tiid
Soarget foar it útsicht yn myn bosk
Wer’t ik genietsjend troch hinne rinne kin
Oer paden sûnder striid.
Comments