Wat falt it my swier
As ik sjoch
wat it mei dy docht
Wat bin ik neat, nietich en leech
As ik dy hear gûlen
As ik dy sjoch fjochtsjen
Sa lang al en sa dreech
Wat giet it dwers troch alles hinne
As ik dy mei pine sjoch rinnen
Wat docht myn memmehert my sear
Ast wer moast, foar de safolste kear
Wat falt it my swier
Net mear strike troch dyn sêfte hier
Ik wol it wol oernimme
Allegear foar dy weinmimme
Mar der falt net foar fuort te rinnen...
Eltse kear der wer hinne
Wat falt it my swier
As ik betink
Hoe swier it is
foar dy…
Gjin normale
Gjin gewoane dagen
Gjin freonen sa as oars oer de flier
Fertwifeling, ûnwis
In bulte fragen
Werom? En oant hoe fier?
En nee, it kin net oars
Mar it makket kapot
En it makket sa boas
Ik sil mei dy stride,
Wy sille dit winne
Cocktail foar cocktail
Slepe wy ús der trochhinne
Wat falt it swier
Sa swier
It grypt my elke dei
Leaf dapper jonkje fan my ...
Comments