top of page

Gamer



Ik wol der sa graach foar dy wêze

Dat is myn taak as mem

Mar no’t it my even net slagget

Stean ik helpleas op 'e rem

 

In gefoel fan skuld

ik kin toch better?

In gefoel fan fertriet

hoe komt it letter?

Ik bin in mem fan neat

Ik doch it hieltyd ferkeard

Ik kom der net út

mei dy

It komt even net goed

mei my

 

Wêrom kin ik dit net?

Dat ik der gewoan mei rêd?

Wêrom fielt it sa kut

en binne myn wurden te hurd

Winske ik dat ik even fuort gean koe

Ferjit ik even dyn bestean

Dream ik hoe't dat wêze soe


Ik moat gûle om myn tinzen

gean fier oer myn morale grinzen

Mar se komme dochs wol

en myn holle rekket fol

 

Elke striid wurdt hurder

Elk wurd skerper

Elk wurdt skerper…

Elke trien wurdt in see

En myn holle raast nee

 

Myn lichem seit stop.

gean mar fuort

gean do mar fuort

ik wol fuort

Mar in mem jout it net op

 

Yn myn djipste wêzen

bist do myn grutste winsk

Ik bin en bliuw dyn mem foar altyd

Do bist in prachtich moai minsk

En ik bin grutsk

mei dy fiel ik my ryk

Mar fyn it swier tagelyk

 

Sûnder grip en yn myn falen

hâld ik it meast fan dy

En yn de minste ferhalen,

hâldst dan ek noch wol fan my?

 

 

Soms wol it even net

en botste wy as fjoerwurk

Wy knalle te hurd

Ús hûs is te lyts

en ús lilkens te grut

 

Lit we dan oant tsien telle,

as hûndert miskien…

En jûns it wer bylizze

nea wer sa’n rúzje as dizze


Moarn in bettere dei miskien

Comments


bottom of page