top of page

See


Eigen foto

Ik tink oan de dei fan juster

Mei in ferhaal yn 't tsjuster

En de waarmte fan it fjoer

Joech ik my oan myn tinzen oer


Ik tink oan de dei fan hjoed

Mei de sinne op myn hûd

Gesprekken by de rûs

Dochs stie de stilte as in hûs


Ik tink oan de dei fan moarn

Sûnder see en sûnder sân

Ik mis it fêst

De lûden fan rêst


Ik toch oan no en tocht oan letter

Mei om my hinne strân en wetter

Der bestie eefkes gjin ja of nee

Want ik wie yn gesprek mei allinnich de see


Sa'n rêst momint wie lang lyn

en wat toch ik oan in soad

Mar mei yn myn holle in frisse wyn

gong ik t my maklik ôf.


In plak wer't ik ta rêst kom

Ik wol gau noch ris werom

bottom of page