top of page

Grinzen foarby

  • avriesinga
  • 23 jun 2021
  • 1 minuten om te lezen

Bijgewerkt op: 17 nov 2022


Binne der grinzen oan ús tinken

as wy gjin eangst mear sjogge?

As wy ús liede litte troch tsjustere tinksels

en it ferkearde dogge?


Binne der grinzen oan ús hanneljen

as wy misstappen as kânsen erfarre?

As wy oerstappe fan goed nei kwea

en de ferkearde boat befarre?


Sile wy altiid wer om grinzen hinne

en gean wy de wearden fan ús wêzen foarby

As wy hieltyd mear doarre dan der rigels binne


Ast do tinkst oan dysels en net mear oan my


Ast dy net steurst oan minsken en natoer

En tinkst datst do mear dan in oar kinst

En tinkst datst do mear dan in oar bist

Net rekken hâldst mei myn gefoel

Fan allinnich reek, nei fol fjoer.


Grinzen passearje is lef

Grinzen erfarre en erkenne is besef

Sûnder rigels en grinzen

binne wy bisten, gjin minsken


Recente blogposts

Alles weergeven

Comentários


bottom of page