Kinne wy miskien tegearre
Stare en fertraagje
Doarre we dat oan?
Gewoan even stilstean
Net tinke oan moarn?
Net bang foar te hege bergen
Net altiid mar ferwoed klimme
Mar sjen nei de loft dêr efter,
En de wolken der omhinne
Se sweve, sûnder tiid,
langsum en gestaach
net fleane mar fertraach…
Gjin doelen en moatten
Gjin gean, mar ho
Wy fiele de grûn ûnder ús foutten
Yn it hjir en no.
Ek ûnder de berch
Sjogge wy om ús hinne
Hoe moai is de wrâld.
En wy stappe út it skaad
yn de waarmte fan de sinne.
De bedoeling fan ús tegearre,
is geduldich wachtsje
oant de oare safier is.
As de tiid rint
litte wy sûnder spyt
de tiid rinne
Tot wy itselde wer hearre,
en prate yn deselde taal.
Yn eigen tempo, lâns eigen wegen
Meitsje wy ús ferhaal
En yn ús fertraagjen
Komme wy elkoar tsjen
Fine wy romte om elkoar te befreegjen
En wy prate en swije útgebreid
Oer wat yn faasje is ferswegen
Comments