En doe wie it nacht
Ien hat it ljocht út dien
De sinne is nearne mear te finen
Samar bist hinne gien
Litst my allinne
Samar allinne
Neat mear sein
Neat oerlein
Sa leech fan binnen
Sa ferslein
Samar út it libben set
It jout safolle fragen
Hoe gean ik sûnder dy?
Hoe swier binne myn dagen…
Ik bin sa lilk
Ik ha tefolle trienen
Net ien dy’t my seit werom
Werom komst net by ús werom…
De dagen nei it grêf
Do ûnder ierde en stienen
Se gean foarby
Ik sleep my der trochhinne
Mar mei fiersten te folle trienen
Oant se op binne
As yn in rûs
En mei stekken fan besef
Bliuwt ús hûs
Leech
Komst net wer by my
By ús
My en de bern
Gewoan thús..
Sa as oars
Sa brekber is in minske libben
Mar mei dyn stjerren
Is myn libben brutsen
Ik bin leech
Do bist ergens
Heech
Tusken de stjerren
En ik op ‘e ierde, ûnder stienen sa swier
Gjin tiid
Foar in ôfskied
Dat docht sa sear
It falt net út te lizzen
Om net mear tsjin dy te kinne sizzen
Do bist myn leafde, myn alles, myn wrâld
Ast mar witst dat ik ievich fan dy hâld
Do heech
Ik leech
Yn myn siel
Wit ik altiid hoe tegearre fielt.
Comments