Hoe oars asto berne wiest
yn in tiid fan ellinde en fertriet
Oarlochstiid
Hoe oars asto stietst
oan de ferkearde kant fan it hek
en tusken oare berntsjes sietst
Gjin frijheid mar as slaaf achter it stek
Bern
dy’t net witte
dy’t net begripe
'Joad' hjitte
As mei âlders dy’t se stipe
Bern
dy’t ûnskuldich en lyts
achter hekken opslúten sitte
en sa jong dêr it libben litte
Bern
dy't brutsen en leech binne
gjin hoop mear, gjin sinne
mei heit en mem
as hielendal allinne
oanein
bang
en ferslein
Hoe oars rin ik hjoed
mei jim tegearre yn frijheid
Lâns de hekken fan it hartekamp
mei in stikje bôle foar de geit
As gesin sa lokkich
mei mem en heit
Hoe oars rinne
wy hjir yn de sinne
Do plukst blommen foar my
Ik genietsje fan it momint
Ik genietsje fan dy
Myn frijheid
Myn rykdom
Myn jongens
Tichtby
Hoe oars…
Ik kin wol gûle
fan gelok
dat ik mei jim
oan de goeie kant fan de hekken rin.
Dat dit samar op in moaie maitiidsdei kin.
In winsk sprek ik út
Dat gjin bern mear allinne stjert
Dat gjin bern mear in gefang stjert
Dan gjin bern mear troch oarloch stjert
Berntsjes yn frijheid, sa't it heart.
Ús libben yn frijheid
Ik besef my no
Wat in grut kado…
Comments