Der wie in tiid, in jier, in libben
Noch net sa lang lyn
Dat wy troch ien doar hinne gienen
Gjin spul as fertwifeling
Dyn soarch wie myn
Myn soarch wie dyn
In freonskip wer’t wy foar stienen
En al tink ik oars
En al tinkst do oars
Wy binne noch steeds deselde
Al lûkt de wrâld
In streek sa kil en kâld
Sa’t wy ús elk oan in kant opstelden
Tusken de tinkwize fan ús beide
Kaam in grins as fjoer
En somtiden laait it op
En freegje ik my ôf.. giet it ea wer oer?
No soms fertwifele en soms ek bang
Foar dyn útspraken. Oe sa fel..
Dan krûp ik leaver wei yn mediastilte
En jou my mar wat del
As ik raas werom
want blikje, myn miening telt ek mei!
En do snapst net wat ik bedoel
Dan sjoch ik dyn ergernis en fertriet
En ha wy beide in rot gefoel…
Tegearre troch deselde doar
Kin it noch, as wolle we it net mear?
Want hoe’t de wrâld ek lûkt en skuort
It fielt by alles as koade read
Stietst do op swart en ik op wyt
As is it miskien oarsom
It hindert neat
Want do kinst my en ik kin dy
En bist en bliuwst altiid wolkom
Want troch mei elkoar te praten
Komme wy fierder en meitsje we rûmte
Yn ús soms dwerse kop
Dat ik ús freonskip
Sa net ferlieze wol
Stiet foar my mei stip foarop
Comments