
Alle tekeningen dy’st do moai fynst
Moat ik fan dy bewarje
Do bist in kei
Yn tekeningen sparje
Grutsk op alle kleuren
Yn of bûten de lijntsjes
Tsien auto’s mei fiersten tefolle tsjillen
As in tekening mei allinnich mar treintsjes
Yn al dyn wurkjes, sjoch ik safolle wille!
In stoere jierdeimûts mei batman der op
En plaksels mei fiersten te folle lym..
Dé stickerkaart, ‘sels op de pot!’
Leave jonge, wat wiedest noch lyts…
‘Transformers’ yn gekke foarmen en maten
En oeral dûnsje letters oer it papier
Ik krij it langsum yn ‘e gaten…
Ik sjoch dy troch dyn wurkjes feroarjen, elts jier…
En it leafst lis ik der midden yn
Even werom nei die tiid..
Al dyn Picasso’s yn in listje
Want as mem kin ik mar min in tekening kwyt..
Comments