Sile dochst mei de holle, de hannen en it hert.
Sile is wêr’t de wyn die hinne liet
Mei de holle yn ‘e wyn en mei de wyn mei oer it wetter.
Echte silers witte hoe´t it fielt
En stadich oan wurdt it letter en letter...
De hannen folgje it ritme fan de frijheid.
Litte dy de leafde ûnderfine foar wyn en wetter
In stikje kontrôle, dat yn dyn hannen leit
En stadich oan wurdt it letter en letter...
It hert wit wêr’t it hinne wol en jout it gefoel oan
It gefoel fan frij wêzen, sweve oer it wetter
Mar it gefoel hâldt gjin rekken mei it ferstân
En stadich oan wurdt it letter en letter...
De tiid hâld gjin skoft, nee tiid bliuwt net stean
En seit dy dat it wer tiid is om op hûs oan te gean…
Sile dochst mei de holle, de hannen en it hert.
Kommentare